Plysje siket tsjûgen fan mishanneling Vrijheidswijk Ljouwert

31 jul 2015 - 10:04

De plysje siket tsjûgen fan in swiere mishanneling, begjin juny oan de Canadezenlaan yn de Ljouwerter Vrijheidswijk. In 25-jierrige Burgumer krige dêr spul mei in noch ûnbekende man. Doe't de Burgumer nei syn auto rûn, waard er oanfallen. De man krige klappen en waard skopt. Ek is er bestellen.

It slachtoffer rûn ferwûnings op oan syn gesicht en moast opereard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)