Plysje siket tsjûgen fan geweldsynsidint yn Ljouwert

09 des 2014 - 10:46

De plysje siket tsjûgen fan in geweldsynsidint op moandei 1 desimber op de Potmarge yn Ljouwert. In 41-jierrige frou út de stêd fytste dêr efkes nei healwei fjouweren troch in tunneltsje en passearre in groep jonges. Ien fan har trape tsjin it tsjil fan har fyts, wêrtroch't de frou foel. Twa famkes holpen har oerein. In man rôp dat de jonges werom komme moasten, mar dy wiene doe al útnaaid.

De frou moast mei ferskate ferwûnings nei it sikehûs. De plysje wol graach yn kontakt komme mei de beide famkes en de man en siket ek noch oare tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)