Plysje siket tsjûgen brân

23 jun 2013 - 11:55

De plysje siket tsjûgen fan in yn brân yn in hûs oan it Kruirad yn Snits. Dêr bruts yn de nacht fan sneon op snein brân út. Plysjeminsken seagen reek út it hûs kommen en warskôgen de brânwacht. It die bliken dat de bewenners net thús wiene.

De plysje docht no ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. Tsjûgen kinne kontakt opnimme mei de plysje fia it tillefoannûmer 0900 - 88 44.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)