Plysje siket tsjûgen bedriging

27 jul 2001 - 00:00

In 49-jierrige taksysjauffeur út Snits hat tongersdei oanjefte dien fan bedriging troch in 45-jierrige Burchwerter. Beide rieden yn 'e auto oer de A7 ûnder Boalsert. De Burchwerter wie neffens de taksysjauffeur oan it bumperkleven.

Hy remme in pear kear. De Burchwerter besocht him doe fan de dyk ôf te drukken. Op in krusing stapte de Burchwerter út en sleach tsjin de taksy oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)