Plysje siket tsjûgen

10 okt 2009 - 13:09

De plysje Fryslân is op syk nei tsjûgen. Ofrûne moandeitemiddei waard der op De Jouwer in oaljespoar oantroffen op de Haskerveldwei en de direkte omjouwing. De plysje siket minsken dy't moandei wat sjoen ha.

En yn Ljouwert waard tiisdei in jonkje fan 9 jier op de Knoopstrjitte lestichfallen troch in noch ûnbekende man. De plysje siket dizze man én de automobilist dy't in needstop meitsje moast om it jonkje net oan te riden én in frou dy't mei har hûntsje kuierde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)