Plysje siket prostituees

18 des 2008 - 10:13

De korpsen fan Fryslân, Grinslân en Drinte ha woansdei yn 45 hotels kontrolearre op prostituees. Doel fan de aksje wie om misstannen yn de prostitúsje-wrâld oan te pakken. Der waard foaral socht nei minderjierrigen en froulju dy't hjir yllegaal binne, mar der waard net ien fûn.

Hieltiten mear froulju wurkje selsstannich as prostituee út hotels wei. Se besykje sa plysje, gemeente en belestingtsjinst te ûntrinnen. De plysje hat mear kontrôles oankundige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)