Plysje siket Poalske froulju

30 aug 2003 - 00:00

Ut in hûs oan de Lijsterstrjitte yn Feanwâlden binne djoere sieraden stellen. In frou fan 86 jer hat oanjefte dien. De plysje hat heard dat ôfrûne wike twa Poalse froulju by de doarren delgienen. Se ha de âldere frou ek oansprutsen.

De plysje siket minsken dy't de twa froulju oan de doar hân ha. Se wienen sa'n 20 jier, 1.60 meter en hienen koart hier. Tsjûgen kinne belje mei de plysje op nûmer 0900 – 8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)