Plysje siket om'e nocht yn auto

27 jul 2004 - 16:04

Yn Ljouwert hat de plysje tiisdei in auto mei fiif Roemeenske sigeuners oanholden. In tsjûge soe sjoen ha dat de sigeuners belutsen wiene by in drugsdeal en warskôge de plysje. Dy folge de auto mei in ûnopfallende wein en hold him letter steande mei assistinsje fan in tal plysjeminsken.

De ynsittenden binne fûlleard, de auto is trochsocht, mar de plysje fûn neat. De Roemenen koene sadwaande wer fierder ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)