Plysje siket om wapen sjitynsidint Ljouwert

16 apr 2015 - 12:12
  • De Dammeleane waard woansdei ôfset nei it sjitynsidint

De plysje is op syk nei it wapen dat woansdei brûkt is by in sjitynsidint op de Dammeleane yn Ljouwert. Ut in auto wei waard yn de loft sketten. Net ien rekke ferwûne, wol binne der hulzen fûn yn de berm fan de dyk. Letter op 'e jûn koe de plysje op de Eastergrêftswâl fjouwer fertochten, trije manlju en in frou, yn in auto oanhâlde. It wapen is lykwols noch net fûn. Mooglik is it fuortsmiten.

De plysje freget minsken dy't wat fine yn 'e buert fan 'e Dammeleane om dat fuortendaliks te melden.

It is de plysje noch net dúdlik wêrom't der krekt sketten is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)