Plysje siket oantaaster

24 feb 2003 - 00:00

De plysje siket in oantaaster dy't nei alle gedachten yn Hearrenfean wennet. De man is in wike lyn in wente oan de Wederik yn it Fean yngien en hat doe in jonge frou betaaste. De dei dêrfoar besocht er itselde by in oare frou, yn de omkriten fan de Wederik.

It giet om in blanke man fan sa'n 30 jier, sawat 1.85 grut, mei koart donker stikelich hier. Hy hie in blauwe boufakkersjas oan. Wa't mear wit kin belje mei de plysje, tel. 0900 - 88 44.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)