Plysje siket oanrander

18 jun 2010 - 09:42

De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer in oanranding, tongersdei by it Nannewiid. In 21-jierrige frou út Grins waard by Aldehaske folge en fêstpakt troch in ûnbekende jonge. Troch har te fersetten koe de frou ûntkomme oan har oanfaller. De plysje hat noch nei him op syk west, mar dat smiet neat op.

Neffens de frou giet it om in jonge fan in jier as 16. Wa't mear wit wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)