Plysje siket nei berntsje yn driuwsân, mar fynt neat

22 mrt 2016 - 20:00

Op De Gordyk is oan de ein fan tiisdeitemiddei socht nei in berntsje dat yn it driuwsân oan de Nijewei sitte soe. De melding kaam om healwei fiven binnen by de plysje. Dy sette dêrnei in grutte syktocht op priemmen, dêr't ûnder oare in helikopter by brûkt waard.

By dy syktocht is gjin berntsje fûn. De plysje giet der dêrom fanút dat der ek gjin berntsje yn it driuwsân sitten hat of dat it der sels útkaam is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)