Plysje siket man dy't mishannele jonge (14) yn Dokkum holp

13 feb 2015 - 12:45

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling fan in 14-jierrich jonkje út Ferwerderadiel. It slachtoffer fytste ôfrûne tiisdei krekt nei trije oere middeis op de rotonde by it sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. Dêr stie in groep fan sa'n tweintich jonges. Ien fan harren treau it jonkje fan syn fyts, wêrnei't er foel en skopt en slein waard.

Nei alle gedachten is it slachtoffer dêrby ek efkes út de tiid rekke. Doe't it jonkje wer bykaam, waard er holpen troch in man dy't foarby kaam op de fyts. De plysje wol graach yn kontakt komme mei dizze man.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)