Plysje siket fyts fan oerfal

07 aug 2012 - 10:31

De plysje is op syk nei de eigener fan in mountainbike dy't ferline wike woansdei brûkt is by de oerfal op in hûs yn Sint Jânsgea. De 84-jierrige bewenner rekke dêrby ferwûne. Syn 75-jierrige frou rôp om help en jage dêrtroch de oerfaller fuort. Dy naaide út op de mountainbike, mar liet dy stean by mûne De Hersteller. Hy ferdwûn yn natuergebiet It Easterskar, mar is dêr net mear fûn.

De mountainbike waard ea kocht by in fytshannel op It Hearrenfean.

De dieder is in blanke man mei koart sniewyt hier. Hy wie sawat 1.80 grut en tusken de 25 en 30 jier. De man hat in sportyf postuer. Hy hie in blauwe broek oan mei bûsen oan de sydkant en in koart swart stoffen jaske. Op www.dadergezocht.nl stiet mear ynformaasje oer de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)