Plysje siket bút fan juwieledieven

19 nov 2014 - 10:42
  • Plysjemotor

De plysje siket tsjûgen dy't tiisdei sjoen hawwe dat in groep juwieledieven mooglik in diel fan harren bút ferstoppe of fuortsmiten hat yn de omkriten fan Wolvegea. De plysje hat tiisdei in groep fan njoggen oerfallers út Súdeast-Europa oanhâlden op de A28 tusken Meppel en Hoogeveen. De groep yn de leeftiid fan 20 oant 60 jier hie koart derfoar yn Oldemarkt in juwelier oerfallen. Mooglik ha de dieven in diel fan de bút ûnder de efterfolging ferstoppe of fuortsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)