Plysje siket eigners 2 helmen

13 des 2010 - 09:33

De plysje siket de eigners fan twa helmen dy't fûn binne yn it wetter by de brêge yn de Brédyk by Hijum. In foarbygonger seach de helmen snein driuwen en belle de plysje. Dy fûn in remspoar op 'e dyk en dielen fan in scooter en tocht oan in ûngelok. Dêrom waarden dûkers ynset.

Dêrneist waarden ambulânses en in traumahely oproppen. De dûkers koene neat fine. De plysje wol graach yn kontakt komme mei de eigners fan de helmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)