Plysje siket eigeners stellen guod It Hearrenfean

25 aug 2015 - 15:57

De plysje siket minsken dy't slachtoffer wurden binne fan wenningynbraken op It Hearrenfean. De plysje hat dêr yn juny yn Emmeloord trije manlju foar oanhâlden, neidat dy ynbrutsen hiene yn Zwolle. Yn it hûs en de auto fan de fertochten binne ûnder oare sieraden, horloazjes en elektrysk ark fûn.

In part fan dat guod wie stellen út huzen op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)