Plysje siket eigeners sieraden

04 maaie 2012 - 12:07

De plysje siket de eigeners fan sieraden, dy't begjin dizze moanne troch foarbygongers fûn waarden yn in berm yn Beetstersweach. By de sieraden, mar ek horloazjes, sieten doaskes dêr't nammen fan juweliers út It Hearrenfean, Snits, Weesp en Losser op stienen.

De plysje giet der fanút dat it om stellen guod giet en is no op syk nei de eigeners. Der binne dêrom foto's fan de sieraden en horloazjes op dadergezocht.nl set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)