Plysje siket eigeners fan sieraden fûn yn Noardwâlde

17 feb 2015 - 11:17
  • De stellen sieraden dy't fûn binne yn Noardwâlde

De plysje siket de eigener(s) fan sieraden dy't ein jannewaris fûn binne yn in droege sleat yn Noardwâlde. It guod lei by in krusing fan de Oostvierdeparten en de Jan Wapstrawei. De sieraden sieten yn in read kistke.

De plysje tinkt dat de sieraden stellen binne by in wenningynbraak. Op de webside fan de plysje binne foto's fan de sieraden te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)