Plysje siket Dútske frachtauto

22 des 2009 - 10:18

De plysje siket de bestjoerder fan in wite frachtauto mei in Dúts kenteken. Dy hat mooglik belutsen west by in oanriding op het Wilgenroosje yn Snits. Yn dy strjitte stie de auto fan in 32-jierrige frou út Snits.

In tsjûge seach de frachtauto foarbyommen yn in wolk fan snie. Dêrnei die bliken dat de auto fan de frou út Snits dûken en lakskea hie. De sydspegel wie ek stikken. Wa't wat sjoen hat, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)