Plysje siket dupearren ynslûpers

23 feb 2005 - 14:09

De plysje is op syk nei minsken dy't de dupe wurden binne fan trije ynslûpers. It giet om in man en twa froulju út Lelystêd, dy't ferline wike oppakt binne. Se wiene aktyf yn it easten en noarden fan it lân, benammen by âlderen.

Ien fan de trije belle oan by in hûs en hâlde de bewenner oan de praat. In twadde socht ûndertusken yn it hûs nei jild en sieraden, wylst de tredde op de útkyk stie. Se wiene ûnder oare aktyf yn Snits, Ljouwert en Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)