Plysje siket dieven Sint Anne

03 sep 2010 - 14:29
  • De fertochten fan de stellerij yn Sint Anne (foto: Dadergezocht.nl)

De plysje siket in man en frou dy't earder dit jier yn Sint Anne de beurs fan in âldere frou stellen ha. Dat barde wylst de frou boadskippen die yn de supermerk. De frou hie har tas mei dêryn de beurs oan de rollator hongen.

Doe't se by de kassa ôfrekkenje woe, wie de beurs poater. Ut kamerabylden die letter bliken dat in man en frou de beurs stellen hiene. De beurs is letter leech werom fûn yn in jiske-amer. De plysje hat de bylden no publisearre op dadergezocht.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)