Plysje siket dieders fjoerpylk

04 jan 2013 - 10:54

De plysje siket de persoanen dy't yn de âldjiersnacht yn Harns in fjoerpylk ôfstutsen ha, wêrtroch brân ûntstie yn in hûs oan de Nolensstrjitte. Troch it ôfstekken fan it fjoerwurk gie it rút fan it hûs stikken. Dêrtroch kaam de pylk yn de keamer en ûntstie der brân.

De bewenners koene it fjoer sels útkrije. Dêrnei melden trije manlju har by de eigener om har ekskús te meitsjen. Mar se hawwe har net bekend makke. Sadwaande is net dúdlik om wa't it giet. De plysje freget de manlju om har te melden.

Oare minsken dy't wat witte of wat sjoen hawwe, wurdt ek frege kontakt op te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)