Plysje siket dieders fan ynbraken yn skuorren Lippenhuzen

10 des 2015 - 21:17

Dieven hawwe woansdeitenacht yn Lippenhuzen yn meardere skuorren ynbrutsen. Neffens de plysje East-Fryslân is der by fiif skuorren ynbrutsen. De dieven hiene it foaral foarsjoen op ark, lykas boarmasines en motorseagen. Ek hawwe se in fyts en motor weinaam. De motor waard letter weromfûn yn it doarp. De plysje siket tsjûgen fan de ynbraken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)