Plysje siket dieder stekpartij

28 jul 2008 - 06:21

De plysje siket de dieder fan in stekpartij sneontenacht yn Snits. In 26-jierrige ynwenner fan de stêd waard doe yn in kroech in tal kearen stutsen mei in skerp foarwurp. De man rekke ferwûne en moast nei it sikehûs foar behanneling.

Tsjûgen koenen de plysje de namme fan de dieder trochjaan. Nei him is dit wykein socht, mar hy is net fûn. De syktocht giet dêrom de kommende tiid troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)