Plysje siket bestjoerder

24 jan 2009 - 14:43

De plysje siket in automobilist (65) dy't freed trochried nei in ûngelok yn Frjentsjer. Op it Ald Keatsfjild ferliende de man gjin foarrang oan in fytser (20) út Frjentsjer. De jonge foel fan de fyts. De automobilist hold stil om te sjen hoe't it gong.

Doe't dúdlik wie dat er net ferwûne wie en der gjin skea wie, ried de man troch. De jonge kaam der letter efter dat er dochs skea hie oan syn tas. De plysje wol dêrom yn kontakt komme mei de bestjoerder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)