Plysje siket belutsene ûngelok

09 sep 2010 - 10:33

De plysje siket de bestjoerder fan in auto dy't woansdei belutsen wie by in ûngelok op It Hearrenfean. By dat ûngelok rekke in 13-jierrich famke fan It Hearrenfean ferwûne. Se fytste moarns op de Boargemaster Falkenawei en woe de rotonde fan de Oranje Nassaulaan oerstekke.

It famke seach net goed út en klapte mei har fyts op de auto. Se rekke licht ferwûne. De automobilist ried troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)