Plysje siket autobestjoerder

13 nov 2005 - 12:44

De plysje is op syk nei in 36-jierrige ynwenner fan Koudum dy't yn de nacht nei sneon mei syn auto yn de groppe fan de provinsjale dyk tusken Ljouwert en Boalsert bedarre is. De auto waard in bytsje nei tolven troch de plysje fûn.

De plysje hat noch nei de bestjoerder socht, mar seach him net. Neffens tsjûgen is de man rinnend útnaaid, nei alle gedachten om't syn rydbewiis earder al troch de plysje ynnaam is. Ek hie de auto gjin jildige apk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)