Plysje siket auto ynbrekkers

20 sep 2012 - 08:18

De plysje siket in wite bestelauto yn it ûndersyk nei de stellerij fan fiif bútenboardmotoren yn Snits. De motoaren binne yn de nacht fan 23 op 24 july stellen by in bedriuw oan de Jan Kuiperswei. Ut befeiligingsbylden docht bliken dat de ynbrekkers nei alle gedachten in wite bestelwein brûkten.

De auto is nachts ferskate kearen troch de strjitte riden. Op de sydkanten stie tekst en ien fan de koplampen is stikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)