Plysje siket ark ynbrekkers

04 mrt 2010 - 09:57

De plysje siket ark dat fjouwer manlju dizze wike brûkt hawwe foar it iepenbrekken fan in kaartsjesautomaat op it stasjon fan Drylts. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei hawwe de manlju besocht de automaat te kreakjen. In plysje dy't tafallich yn de buert fan Drylts wie seach de manlju nei har aksje yn in auto riden.

Op de Emmastrjitte yn Snits binne de kreakers oanhâlden, mar it ark dat de se brûkt ha is net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)