Plysje set posters yn

28 jan 2010 - 13:49
  • De streepkeskoade wurdt scand

Om de dieders fan trije oerfallen op supermerken yn Ljouwert te pakken te krijen set de plysje Fryslân in folslein nije opspoaringsmetoade yn. Op ferskate skoallen, by biblioteken en by de supermerken komme posters te hingjen mei dêrop in streepkeskoade.

Troch dy streepkeskoade te scannen mei in mobile telefoan mei ynternet komme jo streekrjocht op de webside fan de plysje telâne. Dêrop stiet dan ynformaasje oer de dieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)