Plysje set foto's fan skuondieven op ynternet

29 sep 2015 - 14:01

De plysje fan Súdeast-Fryslân hat foto's fan de fertochten fan in ynbraak op Facebook setten. It giet om twa mannen dy't ferline wike tongersdei ynbrutsen by in winkel oan de Dracht op It Hearrenfean. De dieders brutsen de doarren oan de foarkant iepen en naaiden út mei 150 pear skuon. De stellerij waard filme troch bewakingskamera's. De plysje wol graach witte wa't de persoanen op de bylden binne en wêr't de skuon no binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)