Plysje rôlet himpkwekerij op

23 mrt 2010 - 10:00

Oan de Pilotenespel yn Ljouwert is moandei in himpkwekerij oprôle troch de plysje. De plysje kaam de kwekerij op it spoar, omdat de eigner fan de plantaazje in iPod stellen hie yn in winkel. De minsken fan de winkel herkenden him en de man joech ta dat er dat earder moandei dien hie.

De plysje soe mei him mei nei hûs om de iPod wer op te heljen, mar doe seagen se de himpplantaazje. Der stiene 500 planten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)