Plysje rôlet himpkwekerij op

12 feb 2010 - 09:57

De plysje hat tongersdei in himpkwekerij yn Ketlik oprôle. Yn in wente oan de Aaltjelaan trof de plysje 450 himpplanten oan. Der wie in melding kaam dat in man mei in heafoarke alles fernielde yn de wenning. Doe't de plysje kaam, ferstoppe de man him yn de badkeamer.

De doar hie er barrikadeard mei in hûnekoai. De plysje fernielde it rút fan de doar en koe de man dêrnei mei pepperspray útskeakelje en meinimme. Op souder fûn de plysje de himpkwekerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)