Plysje rôlet himpkwekerij op

21 des 2009 - 10:01

De plysje hat sneintejûn in himpkwekerij oprôle yn in wenning oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Mei in anonime tip wie de plysje op it spoar kaam fan de kwekerij. Yn it hûs trof de plysje goed 150 planten oan.

De elektrisiteit waard yllegaal ôftape. In 41-jierrige Ljouwerter waard oanholden. De planten en de elektryske apparatuer binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)