Plysje rôlet hennepkwekerijen op

27 nov 2003 - 00:00

Yn Frjentsjer hat de plysje woansdei trije hennepkwekerijen oantroffen. De kwekerijen sieten op ferskate lokaasjes yn in bedriuw oan de Ampèrestjitte. Yn it bedriuw waard ek yllegaal stroom ôftapt.

De plysje kaam de kwekerijen op it spoar troch tips. Yn it bedriuw wiene gjin minsken oanwêzich. De planten binne troch de plysje meinommen en ferneatige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)