Plysje rêdt twa minsken by brân

03 des 2005 - 16:10

De plysje hat sneontemoarn twa minsken út in baarnend hûs oan de Tolwei yn de Westerein helle. De plysjes riden tafallich by it frijsteande hûs lâns en seagen dat it yn de brân stie. Se hellen dêrop de bewenners út it hûs en skeakelen de brânwacht yn.

De oarsaak fan de brân is noch net bekend. Ek is it noch net dúdlik hoe grut de skea is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)