Plysje rêdt brânstichter

13 mrt 2006 - 11:19

Trije plysjeaginten hawwe sneontemiddei in 26-jierrige man út syn brânende hûs oan de Stelle op 'e Jouwer helle. De man hie de brân sels oanstutsen, sa joech er letter ta. De man hong út in rút op de boppeste ferdjipping en rôp om help.

De plysje kaam it hûs yn troch in pear ruten stikken te slaan. It wie net ienfâldich om de man te rêden, want de wente stie al fol reek. Wêrom de man de brân oanstuts is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)