Plysje pleatst bylden fan ynbraak yn restaurant Tao

20 feb 2015 - 14:11
  • Befeiligingskamera

De plysje hat bylden pleatst fan de twa manlju dy't op 16 novimber ferline jier ynbrutsen yn restaurant Tao oan de Stasjonstrjitte yn Ljouwert. De plysje ropt minsken dy't it duo herkenne op om harren te melden.

De manlju kamen binnen troch de foardoar iepen te brekken. Se namen in cd-recorder, in laad út de kassa mei jild, in rêchsek, in iPad en flessen wyn mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)