Plysje plant nije sykaksje Mud

01 mrt 2010 - 15:36
  • De sykaksje fan sneintemiddei (foto Jan Beets, 112 Nederland)

Der komt oer in pear wiken wer in sykaksje nei de fermiste Adolf Mud út Drachten. In grutte sykaksje smiet sneintemiddei neat op. Mei in pear speurhûne-brigades is nei de man socht yn it Lauwersmargebiet.

De auto fan Mud waard trije wike lyn oan de Grinslanner kant fan it gebiet fûn. De speurhûne-brigades dy't snein ynset binne diene dat op frijwillige basis. Yn guon gefallen jouwe de famyljeleden fan in fermiste persoan hjir in fergoeding foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)