Plysje paraat yn Snitswike

04 aug 2007 - 17:33

Oertreders op it wetter wurde yn de Snitswike hurd oanpakt. Te folle drank op, lûdsoerlêst of te hurd farre smyt grif in boete op. De plysje is tegearre mei de KLPD alle dagen op it wetter te finen. En net allinnich yn opfallende plysjeboaten, ek inkognito.

Der wurdt net allinnich op alkohol kontroleard. It binne benammen de speedboaten dy't foar oerlêst soargje: Ien dy't te hurd fart, moat yn it slimste gefal, syn boat ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)