Plysje pakt ytpiraat op

14 okt 2009 - 11:10

In man sûnder fêst wenplak is tiisdei yn Wolvegea oppakt. Hy woe net betelje yn in restaurant. De man hie yn it restaurant oan de Heerenveenseweg iten en besocht dêrnei út te naaien. Hy koe oanhâlden wurde troch de oproppen plysje.

Ut it ûndersyk hat bliken dien dat de man moandei ek al yn Drachten by in restaurant iten hat sûnder te beteljen. Hy sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)