Plysje pakt ynbrekker op

06 jul 2014 - 13:04
  • Ynbraak

In 40-jierrige man út Ljouwert is sneontejûn troch de plysje út 'e strûken by de Soestdijkstrjitte yn Ljouwert plukt. De man hie ynbrutsen by in hûs oan Nieuw Rapenburg, mar hie 'm yn de boskjes ferskûle.

Motorplysjes hiene de man earder fytsen sjoen en fûnen him justjes letter. De man is arresteard en fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)