Plysje pakt ynbrekker boumerk

31 mrt 2012 - 13:10

In Ljouwerter (48) is freedtenacht oanhâlden, om't er ynbrutsen hawwe soe yn in boumerk yn syn wenplak. In tsjûge seach dat de man mei noch in oare man ynbruts by in winkel oan de Elzenstraat en warskôge de plysje. Sy giene der nei de ynbraak fantroch op in fyts mei in karke derachter. De plysje koe de man mei fyts en karke oanhâlde. De oare fertochte naaide út. Yn it karke leinen 24 houten flonderkes. De fertochte is nei it plysjeburo brocht en sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)