Plysje pakt ynbrekker

18 sep 2012 - 08:48

De plysje siket slachtoffers fan in ynbrekker dy't de ôfrûne moannen aktyf west hat yn Ljouwert en omkriten. De 34-jierrige ynbrekker en heler út Litouwen waard moandei oanhâlden. De man bruts yn troch in gatsje yn it kezyn te boarjen en dan mei in triedsje de doar iepen te krijen. Om't de ôfrûne tiid faker op dy wize ynbrutsen is, tinkt de plysje dat de man dêr ek ferantwurdlik foar is.

De bút bestie ûnder oare út laptops, mobile telefoans en in Gazellefyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)