Plysje pakt yllegalen op

07 sep 2006 - 10:11

De plysje hat woansdei yn Ljouwert fjouwer minsken oanhâlden, dy't yllegaal yn Nederlân binne.

Yn de wyk Heechterp binne in frou (30) en in man (26)oppakt. Se binne nei it plysjeburo brocht. In Ljouwerter dy't by syn asylprosedure in falske ydentiteit brûkt hie, is ek oanhâlden. De plysje hâlde yn de binnenstêd noch in frou oan dy't net de goeie papieren hie. Alle fjouwer minsken wurde it lân útset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)