Plysje pakt winkeloerfaller

12 apr 2008 - 12:29

De plysje hat in Ljouwerter oanhâlden, dy't yn syn wenplak in winkel oerfallen hie. De 42-jierrige man bedrige freedtemiddei it persoaniel fan de winkel oan de Wurdumerdyk mei in mes en naam it kassalaad mei jild mei. De man naaide dêrnei op 'e fyts út.

De plysje koe de Ljouwerter letter oanhâlde op in parkearplak oan de Kruisstrjitte. Dêr waard it kassalaad werom fûn ûnder in auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)