Plysje pakt twa ynbrekkers nei syktocht yn Snits

22 mrt 2016 - 10:01

De plysje yn Snits hat moandeitenacht twa ynbrekkers oanhâlden. De manlju fan 48 en 50 jier wurde fertocht fan in ynbraak yn in sportwinkel oan de Oosterdyk. De plysje krige in melding fan in ynbraak yn de winkel, mar de fertochten wiene doe al útnaaid.

Nei in syktocht yn de omjouwing binne beide manlju oanhâlden. Se binne meinaam nei it plysjeburo en sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)