Plysje pakt twa nepwapens

24 jun 2011 - 10:11

In jonge (14) fan It Hearrenfean is oanhâlden foar wapenbesit. Hy liet op in skoalle in krekt echt lykjend pistoal sjen. De plysje waard warskôge en dy hat it nepwapen yn beslach naam. De jonge hat in proses-ferbaal krige.

In Ljouwerter (31) krige ek in proses-ferbaal. De plysje hie in tip krige dat er in fjoerwapen ha soe. Aginten binne nei de wenning fan de man yn Cammingabuorren gien en fregen om it wapen yn te leverjen. Ek hjir die bliken dat it om in nepwapen gie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)