Plysje pakt twa minsken op foar deamakke pup

22 jan 2016 - 15:25

De plysje hat twa minsken oanhâlden yn ferbân mei de mishanneling en dea fan in jong hûntsje, oardel wike lyn. It giet om in man fan 38 út Ljouwert en in jonge fan 16. De man wurdt derfan fertocht dat er de hûn skopt hat. Dêr is it bistje ek oan deagien. Hy soe it dêrnei dumpt ha yn de Potmarge.

De man ûntkent. De jonge dy't oanhâlden is, fertelde de plysje earst dat er it hûntsje ferkocht hie oan in ûnbekende. Mar it die de plysje gau bliken dat er dat betocht hie.

Tsjûge

De jonge hat mooglik tsjûge west fan it deaskoppen fan it hûntsje. De man en de jonge binne bekenden fan inoar. Se binne yntusken wer op frije fuotten

Warskôging: De twadde foto by dit berjocht kin as skokkend ûnderfûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)